Piter Wilkens lang libje it publyk Lyrics

Se goaie mei glês en se smite mei bier
ik ha de skûmkragen alwer yn myn hier
tink om ús guod, ik bin der sa mei begien
tink om myn gitaarke, ik ha der mar ien
mar al wat ik rop, se hearre my net
se binne wakker út 'e skroeven en it is alwer te let dus sjong ik

Lang libje it publyk
sûnder publyk gjin 'Live- muzyk'
gjin blues, gjin country, gjin rock 'n' roll
gjin folk, gjin hip- hop, hielendal gjin soul
lang libje it publyk, lang libje it publyk

De doarpskroech koryfeëen spylje 'luchtgitaar' en roppe my ta
"Wêr is dyn band" en "Kinst ek wat fan de Stones of sa"
Se hingje om 'e taap en se sûpe wakker oan
mar foar in Fryske trûbadoer is soks al hiel gewoan
se hawwe wille en se hawwe nocht,
se ha sels ek noch in plaatsje kocht dus ik sjong

Lang libje it publyk
Sûnder publyk gjin rockmuzyk
gjin wave, gjin speed, gjin house, gjin trash,
gjin punk, gjin flower- power en al hiel gjin cash, dus
lang libje it publyk, lang libje it publyk
lang libje it publyk, lang libje it publyk

See also:

65
65.46
Welle Erdball Nur Tote Frauen Sind Schoen Lyrics
Cielo Razo Muñequito Lyrics