Frysk Rolling Home Fries Om Utens Lyrics

Oh ja 't is wier, ik fiel my hjoed
Hiel oars as oars, begryp my goed
Myn hûs stie oeral op'e wrâld
Gjin plak wêr't ik sa fan hâld

Ik stiel herten, die oaren sear
Makke freonen, ferlean in pear.
De leste dagen bin ik bang
Dat ik sa nei dy ferlang.

Ik sil dy sizze dat ik grutsk ben
En myn tinzen stean hiel ticht by dy
Fryslân do ropst my, ja ik wol nei hûs
En soe ik oait in frjemde wurde
En dyn grûn fielt net mear as fan my
Fryslân o Fryslân ik longerje nei dy

O Fryske grûn, do joust my brea
De griene greiden, de lucht fan hea
Dyn loften wyld, dyn marren wiid
Dat is myn byld fan dy tiid

Fertel ferhalen,sjong fan dyn grûn
It is wâr't eartiids myn libben begûn
't Ferwôndert my hoe as it kin
Dat ik mysels hjoed net bin

Ik sil dy sizze dat ik grutsk ben
En myn tinzen stean hiel ticht by dy
Fryslân do ropst my, ja ik wol nei hûs
En soe ik oait in frjemde wurde
En dyn grûn fielt net mear as fan my
Fryslân o Fryslân ik longerje nei dy

Let me tell you that I love you
That I think about you all the time
Fryslân you're calling me
Now I'm going home

And if I should become a stranger
You know it would make me more than sad
Cause Fryslân is being everything
I've ever had.

See also:

88
88.119
Lenny Kravitz I want to go Home Lyrics
לירון גרוסמן לירון אוהב בנות דתיות Lyrics