Piter Wilkens Knoopkes Lyrics

Fjirtjin wiene wy as fyftjin, âlder ha wy grif net west
Do wiest by jim omke en muoike, ik wit it allegear nog best
It wie simmer en do fytstest hieltyd ús hûs foarby
Ik siet yn 'e tún en lake om dat healwiis gewiuw fan dy
Hiest in bloeske oan mei knoopkes, fyftjin knoopkes lyts en blau
Knoopke ien, ferlegen prebearre ik wat út
Knoopke twa, do joechst my samar in tút
Knoopke trije, ik hie it súver hast net mear
Mar by it fjirde moast ik wachtsje oan 't de oare kear
Hiest in bloeske oan mei knoopkes, fyftjin knoopkes lyts en blau
Jûns dan wiene wy tegearre, wat wie it spannend elke kear
Stikum stadich justjes fierder, elke jûn in knoopke mear
En ik fielde my sa lokkich, ik wie sa wiis my dy
Ik liet dy mar wat piele en de tiid dy fleach foarby
Hiest in bloeske oan mei knoopkes, fyftjin knoopkes lyts en blau
Knoopke fiif, foarsichtich naamsto de tried wer op
Knoopke seis, do wiest myn eigen leave pop
Knoopke sân, ik hie it súver hast net mear
Mar by it achtste moast ik wachtsje oan't de oare kear
Hiest in bloeske oan mei knoopkes, fyftjin knoopkes lyts en blau
Hiest in bloeske oan mei knoopkes, fyftjin knoopkes lyts en blau
Oare famkes drage.....as in himd mei elastyk
Mar dat kin my net bekoarre, knoopkes ha mear romantyk
Doe 't ús omke ús trapearre wie ús avontoer foarby
Tolve fan de fyftjin
Fierder bin 'k net kaam by dy
Hiest in bloeske oan mei knoopkes, fyftjin knoopkes lyts en blau
Knoopke njoggen, ik aaide eefkes troch dyn hier
Knoopke tsien, noch nea gie ik safier
Knoopke alve, ik hie it súver hast net mear
Mar nei 't tolfde kaam der nooit mear in oare kear
Hiest in bloeske oan mei knoopkes, fyftjin knoopkes lyts en blau
Hiest in bloeske oan mei knoopkes, fyftjin knoopkes lyts en blau

See also:

88
88.120
El Gran Combo Y No Hago Mas Na' - El v4g0 Lyrics
KANE Something's Gotta Give Lyrics