GeDoBr Doutzen Lyrics

As ik by de kapper sit en lês wat yn de blêden.
Dan duorret it mar efkes, dan komsto wer foarby.
Do sjochst my oan sa út dat blêd as wiene wy tegearre.
Mei dyn wite tosken lakest leaf tsjin my.

Ik wol rêst yn myn holle, ik wol rêst yn myn lea.
Want oeral wêr't ik sjoch, komst do foarby.

Do bist foar my de wiere, mar krije sil'k dy nea.

Bin dan yn de wolken skat, sjoch ús tegearre fleanen.
Mar as ik dan wer wekker wurd, bin'k net allinne mear.
Want alle dreamers út dit lân besykje dy te krijen.
My sil it ea wol slagje, al is it mar ien kear.

Ik wol rêst yn myn holle, ik wol rêst yn myn lea.
Want oeral wêr't ik sjoch, komst do foarby.
Ik wol rêst yn myn holle, ik wol rêst yn myn lea.
Dobist foar my de wiere, mar krije sil'k dy nea.

As ik op fakânsje gean, gean ik nei Eastermar.
Ik sykje alle oeren, want miskien fyn ik har.
En sjoch ik dy dan fytsen dêr, dan reitsje 'k fuort fan slach.
"Doutsen"wol ik roppe, mar ik sis allinne "dach".

Ik wol rêst yn myn holle, ik wol rêst yn myn lea.
Want oeral wêr't ik sjoch, komst do foarby.
Ik wol rêst yn myn holle, ik wol rêst yn myn lea.
Do bist foar my de wiere, mar krije sil'k dy nea.

As ik by de kapper sit en lês wat yn de blêden.
Dan duorret it mar efkes, dan komsto wer foarby.

See also:

119
119.33
Farmer's Daughter Ode To Billy Joe Lyrics
Jonny Cash Devil Went Back Down To Lyrics