GeDoBr Man út myn dreamen Lyrics

By 't fallen fan de jûntiid, begjint myn aventoer.
Yn 't ljocht fan de moanne, jou ik my oan him oer.
Hiel de nacht bin ik tegearre mei de man wêr't ik fan hâld.
Mar komt moarns op de sinne, dan is myn bêd wer kâld.
Wêr is de man, dy't yn myn holle siet.
Wêr is de prins, dy't op syn wite hynder ried.

Man út myn dreamen, eltse nacht komsto foarby.
By it brekken fan de moarntiid, bist út myn dreamen wei.

Dit duorret sa al moannen, nee gjin nacht giet hy foarby.
Mar jûn sil ik him sizze, kom út myn dreamen wei.
Stap no einliks út dyn mearke, klim op myn rôze wolk.
Dan litte wy ús driuwe, sa troch de leafdeskolk.
Do bist de man, wêr't ik mei fierder wol.
Do bist myn prins, want myn hert dat rint fan dy fol.

Man út myn dreamen, eltse nacht komsto foarby.
By it brekken fan de moarntiid, bist út myn dreamen wei.
Wol mei dy troch it libben, kom hâld my ienris fêst.
Krûp stiif tsjin my oan en jou myn lea gjin rêst.

Saksofoansolo as brêchje.

Man út myn dreamen, eltse nacht komsto foarby.
By it brekken fan de moarntiid, bist út myn dreamen wei.
Wol mei dy troch it libben, kom hâld my ienris fêst.
Krûp stiif tsjin mei oan en jou myn lea gjin rêst.
Toe lit dyn leafde streame, streame troch it bloed fan my.
O, man út myn dreamen, wachtsje eltse jûn op dy.

See also:

122
122.26
04.衛詩 可可 Lyrics
P. BERTOLI ROSSO COLORE Lyrics