douwe wobbes geert hager. musyk: brugt vries Lytse Dreamer Lyrics

Lytse dreamer.

Leist sa stil te koesen yn dyn smûke waarme bêd.
Alles is noch fredich yn dyn eigen mearkestêd.
It ûnrjocht yn de wrâld, dêr wiesto noch neat fan.
Dream dyn bernedreamen, sliep mar lekker lytse man.

Dream mar lytse dreamer, fan in hiele moaie wrâld.
Dream mar lytse dreamer, foar datst it wist bist âld

Krekt op dizze ierde giest ûnderweis yn de tiid.
Sil der foar dy wêze en dy bystean mei myn ried.
Dy hoedzje foar 't gefaar, ik skriuw dyn libbensplan.
Al wurdsto aanst ek grutter, bliuwst altyd myn lytse man.

Dream mar lytse dreamer, fan in hiele moaie wrâld.
Dream mar lytse dreamer, foar datst it wist bist âld.
Leaf leist hjir te sliepen, dyn takomst leit noch iepen.
Dream mar lytse dreamer, wit dat ik fan dy hâld.

Lytse boeke sliep mar lekker,
oant it brekken fan de dei.
Lytse man dan wurdst wer wekker,
dan bin ik der foar dy.

Pianosolo:

Dream mar lytse dreamer, fan in hiele moaie wrâld.
Dream mar lytse dreamer, foar datst it wist bist al wer âld.
Leaf leist hjir te sliepen, dyn takomst leit noch iepen.
Dream mar lytse dreamer, wit dat ik fan dy hâld.
Wit dat ik fan dy hâld.

Geert Hager en Douwe Wobbes, 24 april 2008

See also:

122
122.28
Shlomi Shaban Erev Lezihri Lyrics
10 น้ำตามดแดง Lyrics