GeDoBr Fakânsje yn Fryslân Lyrics

Fjirtsjin lange dagen frij,
Hielendal neat oan de holle.
Twa wike lang gjin bazen,
Dy't fan alles fan ús wolle.
Gjin gestress en gjin gejakker,
Gjin gejammer, gjin geseur.
Wy binne mei fakânsje,
Fuort fan de sleur.

Fakânsje yn Fryslân,
mei alle dagen sinne
Fakânsje yn Fryslân,
Mei sa no en dan wat rein.
Fakânsje yn Fryslân,
earne oars hoe wy net hinne.
Fakânsje yn Fryslân,
dat is foar ús it ein.

Der is in bult te dwaan,
yn ús fakânsjelân.
Fierljeppen, skûtsjesilen,
Fytse op in waadeilân.
Farre lâns de âlvestêden,
as te rinnen troch it fjild.
Kampeare yn de bosken,
Wol 't net misse foar gjin jild.

Refrein:

Moaie marren, griene greiden,
yn it bosk as oan it strân.
Foar ús giet neat boppe
Us eigen Fryske lân.

Refrein:

See also:

122
122.32
Wim Sonneveld De koningin van Lombardije Lyrics
Jon Brion Play The Game Lyrics